Dit bericht is overgenomen uit de Sumarreheide website uit ~ 2016 destijds in beheer door Wolter Kloosterman († 2019) en dochter Greetje Altena-Kloosterman.
In stikmannich jierren nei dat de Jounepoel ûntstien wie,
ferstoar der yn tige yllúster en geheimsinnich persoan op Sumarreheide,
dy’t begroeven waard yn Sumar .
Sy neamden him yn de omkriten Piter Poes de duvelbanner fan Sumarreheide,
hoewol syn efternamme wol bekend wie,
mar dy’t yn de folksmûle nimmer neamd weard.
De lytse bern die yn de jierren foarôf geand oant syn dea opgroeiden, sjongen:
Piter Poes Piter Poes,
Mei de hannen yn de bús,
Mei ‘t himd op ‘e teanen,
Der komt Piter Poes oanfleanen.
At jo grut brocht waarden mei san ferske, waard syn gong yn ‘t libben noch geheimsinniger,
en dan mei syn foarkommen der noch by.
Piter Poes wy berne op 8 jannewaris 1832 yn Weidum mar syn foarâlden kamen wol út Sumar of út ‘e omkriten.
Hy sette him nei wenjen yn é sechtiger jierren as arbeider yn de kost by Melle Paulus Fennema dy ‘t op de (del) Tike wenne,
dernei ferhuzet hy nei Garyp en doe nei de Sumarderdaam
en doe wer Garyp, en om op ’t ein fan syn beslût syn leste jierren te sliten by Linze Simens Hoekstra.
Der komt hy ek te ferstjerren
De measte wûnderdokters of duvelbanners hienen ‘t yn dy tiid net krap wat de sinteraasje oangong.
Fan Piter Poes koe men dat lykwols net sizze,
de Gemeente hat nochal ris yn kear byspringe moaten om de eintsjes oanelkoar te krijen by Piter.
De léste jierren fan syn libben waard hy ûnderhalden troch de earmfâden .
Arbeider hâlde by Piter yn, hie wy Skieppehoeder op ‘e Sumarreheide,
hy paste op in keppel Drintske heideskiep die eigen winen,
fan ferskeidene Boeren út ‘e omkriten.
Sa kaam der ek yn ‘e kunde mei de boeren .
Sa fertelden hja him ek dat de molke net tsjerne woe, en dat dy betsjoent wie.
Dan sei Piter dat hy der wol ried mei wist.
Hy kaam by de boer op besite yn ‘e molkenkelder,
striek syn finger yn é rjemme en dan slikke hy dy ôf,
en wie de rjemme net mear betsjoent.
At der immen siik wy en dokter koe gjin útkomst biede,
waard gauris Piter der by roppen .
Dizze oerleveringen binne opskreuan troch Dam Jaarsma,
en de measten foarteld troch de fam. Hooyenga,s die omraak fertelle koene.
It riedseleftige oangeande syn ferstjerren,
troch dat hy him sels ophong hie oan in beam yn de Sânweibosk (de bosk by de grifformearde tsjerke)
en de minsken jierrenlang yn de besnijing hâlden hie is sûnt koart ûnt ritsele troch
Klaas Henstra yn syn koartlyn útjone boek “Duivelbanners en wonderdokters in de Wouden”.
Wa neiere details witte wol oangeande Piter Poes,
en oare duvelbanners en wûnderdokters,
sa as Knilles Wytzes it boerke en wûnderdokter fan Sumar
en Melle Lys fan é Boskwei ferwiis ik graach nei dit boek.