De puolle

M. Roorda (?) op de Sumarreheide met de poel (puolle) "Jounepuolle" op de achtergrond?

Dit bericht is overgenomen uit de Sumarreheide website uit ~ 2016 destijds in beheer door Wolter Kloosterman († 2019) en dochter Greetje Altena-Kloosterman.


Dizze puolle weard in é folksmûle ek wol jounepuolle neamt.
Klaas en Marije Roorda wennen der net fier fanôf oan ‘e oare side fan de tjaskerreed

Jammer genoch is it mei de puolle net mear goedkaem
De provinsje makke eind trieticher jierren bekint dat men fan doel wie om ,t grutte autoferkear om te lieden ,
net mear oer de Hearewei( doetiids Grintwei nei Nyegea neamt )
mar oer en nei oan te lizzen wei fanôf de Burgumer brêge skean oer nei Nyegea .
Dit hat noch al wat fuotten yn é ierde hân fanwege de sinteraasje.
Sa wearden der alderhande ideeën oandroegen om dit trajekt goedkeaper to krijen
û.o oanlis troch minsken fan é wurkferskaffing,een minder swiere brége.
Alline it earste oanlis troch arbeiders die,t yn de wurkferskaffing sieten hat fuotten yn é ierde kriigen.
Sa weard yn 1940 begon mei de oanlis fanôf de Burgumer brêge, troch de oarloch stagnearre dit .
De groun die frijkaam by de oanlis fan de wei moast ôffierd wurde.
Sa wearden boeren in é omkriten frege ôf sie ek plak hienen foar groun.
Sa stelde Bonne Jelkes de puolle beskikber om ticht to meitsjen foar de oanlis .
Sa is it bart en is depuolle fanôf 1947 ticht makke en greide wurden.
Yn 1963 hat de soan fan Bonne Jelkes ,
Jelke Algra ,t stik lân ferkoft oan Wiebren Johannes de Vries die ,t stik greide noch altyd de puolle neamt.

De poelsleane wurd troch de âlderen op de Heide noch altiid de tjaskerreed neamt.
En at men dizze leane del kuiert en men goed om jo hinne sjocht,
kin jo ek noch it plak fine wer de tsjasker stien hat yn breed roun plak goed healwei de Tjaskerreed.

M. Roorda (?) op de Sumarreheide met de poel (puolle) “Jounepuolle” op de achtergrond?

Door Wolter Kloosterman

Wolter Kloosterman († 2019) heeft jarenlang, wonende aan de Lytse Buorren 4 op de Sumarreheide, samen met dochter Greetje Altena-Kloosterman de Sumarreheide.nl website beheerd.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *