Dit bericht is overgenomen uit de Sumarreheide website uit ~ 2016 destijds in beheer door Wolter Kloosterman († 2019) en dochter Greetje Altena-Kloosterman.
Sa at in doarp eartiids betaamde hie hja doetiids in eigen mûne …… guon meardere.
Sa ek Sumarreheide ”Net in grutten ien mar tôch ,’t wie der ien.
Yn de measte doarpen joech de mûne in doarp oansjen, en waard meast brûkt foar it mealen fan weet,hjouwers ,rogge en koarn.
Sa net dy op é heide dit wie in wettermúne.
Dy’t brûkt waard foar ûntwettering.
In Tsjasker in soart pealmûne” de wjukken fan de mûne driuwe rjochtstreeks de houten fizel oan wêrtroch
,t wetter foarpleatst waard troch de holle houten peal nei in lyts ôfwetteringskanaaltsje.
It wetter ron fan der út, nei de ôfwetteringsfeart.
Hy waard in protte brûkt by it útfeanjen troch dat hy noch al maklik foarpleatst wurde koe om,t hy op in bok stie.
De mûne die op Sumarreheide stie waard brûkt troch Binne Jelles Gros,
om krapoan seis bunder lân droech te mealen om by de winter in part ûnder wetter kaam te stean.
De hichte waard yn 1908 oanmakke ta bou, út de leechste hoeke waard turf waan fan béste kwaliteit om dat turf út it heechfean ,
de bettere turf wie, troch dat hy langer baarnde, dan de turf baalders út Earnewâld en omkriten .
De turf waard te droegjen setten yn bulten.
Dit útfeanjen is sa trochgong oant omtrint 1913 hinne, en wie der in puolle ûntstien fan krapoan oardel bunder.
Troch it útfeanjen hine de losse arbeiders ek noch wat wurk winterdeis om hannen,
foaral de bulten omsette om de oare kant droegje te litten.
Mar hoe neier it foarjier kaam, wearden de bulten lytser. want der waard noch al in in turfke wei .
Dus soarge Gros der foar dat him dit de twadde winter net wer oer kaam
en ferkoft hy tuskentiids al bulten healwei de winter as dizze al klear wine.
Dus at de heide bewenners dan turven meinamen dan wine se meastentiids
noch net droech genôch en joech dit in protte reek yn de wenninkjes en net folle waarmte.
Yn 1915 waard de fertuteste puolle mei ,t boulân (de mûne wie al fuorthelle) troch Binne Jelles Gros
ferkoft oan Bonne Jelkes Algra. Dy liet de puolle ek foar wat der wie.
De reade stip jout it plak oan wer de tjasker stien hat op dit kaertsje fân 1916.
Guon ha my út harren bernejierren ferteld dat men der goed swimme ,fiskje en by de winter moai reedride koe.
Sa binne der ek wedstriden, pearkeriden op redens holden wêrby Hein en Siets de Vries de Boer in priis wûn hawwe moatten .
Ek gongen der wol bern in dei hinne te kampearje yn de fakânsje ,
in âld lekken mei en in stik bôle en in appel mei as iten.
En dan de hiele dei mei-elkoar sich fermeitsje by de puolle en dan jûns wer nij hûs