Herinneringen aan de Spaanse griep door Hendrik Stelwagen

Dit bericht is overgenomen uit de Sumarreheide website uit ~ 2016 destijds in beheer door Wolter Kloosterman († 2019) en dochter Greetje Altena-Kloosterman.


Wy koene net sa best mei de âldman’’Ik wie 13 jier zegt Hendrik Stelwagen En noch net sa lang as ,,loopjongen” by Drukkerij de Motor yn Burgum.
Fan moarns 7 oant jouns 7 oere mei de tram fan Semarreheide nei Burgum
Daedeliks by de trap op, dy mei yn plumeau ôfstofje ensfh.Dat wie yn augustus 1918
It earste my bybleaune feit wie yn tillegram fan van d??? die ,t ik helje moast fan it postkantoar
De baes W.A van der Meulen yn soan fanTjibbe Gearts van der Meulen stie my al op to waechtsjen. Hy makke it tillegram iepen en it waerd oanplakt op it ,, aanplakbord van de Bergumer Courant “Rille gou stiene der hiel hwat minsken faor ,t buorden der waerd drok petearre

Yn dat tillegram stie dat,, de duitse kening gevlucht was”Ik wit noch bêst dat dit my neat sei, mar ik foun it wol frjemd dat der safolle minsken om hinne stiene en drok petearren
De griep folge ûs yn é hjerst en winter fan 1918/19, de Spaanse griep”Drukkerij de Motor to burgum wie foar  hiel Tietjerksteradeel en ek noch wol der bûten,
de printerij foar femylje printwurk.Om maaie hinne yn protte troukaerten om nijjier hinne allegearre nammekaertsjes , en fansels bertekaertsjes en roubrieven.No yn de Spaanse griep periode wie it slim  mei de ruobrieven  steapels en steapels leine  yn it kantoar oer de flier, allegearre apart mei de adreslisten der by oan ien wei sieten der minsken to skriuwen en ik mar postzegels  plakke.
It moast allegearre tige sekuer barre der wienen altiid twa soarten  mei en sunder ûtnoeging.
Mei yn krûske op é list wiene adressen foar yn ûtnoeging ta de begraffenis.Ik kin earst wol efkes sizze dat ik sels de griep net hawn haw,allegearre thûs behalve ik .Wy hawwe yn dy tiiden ek letter fan dokter Hornstra hiel hwat ,,medysinen hawn.
Ik wit noch bést dat it foarkaem dat de bode fan de bigraffenisforieniging kaem en frege binne brieven al klear fan dy en dy hwant
de man of frou of yn bern is ek al forstoarn .Ja dy bode dat wienen mannen ,tige yn ,t swart,
mei soms yn hege hoed opSwarte breiden moffen oan en dan walmen dy hannen …………
Út mear as ien bûse kaem dan yn stik pompier mei de tekst fan é roubrief en de adressen.

Hiel faek moast der oan feroare wurde of noch wat by.
It kaem ek foar dat de tekst noch opmakke wqurde moast.Dat wie net altiid maklik.Jo wisten net hwat de minsken der op hawwe woene.
Sa wit ik noch fan twa jonge lju dy,t troukaerten bistelden en de tekst net op pompier hiene.
Dan moast de man dy ,t harren holp dat san bytsje der úthelje  moat der ek D.V. tusken…….Ja set dat der mar by….. mar wat bitsjut dat……
O , mar wy binne net fyn …….Mar hwat my tiige bybleaun is, dat fan twa mannen dy,t ruobrieven bistelden fan harren
forstoarne heit.Hja hiene gjin tekst op pompier dus moast de man dy,t harren holp soks dwaen .
No dan waerd de meast gongbaere tekst nommen  en sa skreau de man op :

Heden overleed onze lieve vader……Yn foarse stim sei , dat moat der net op, wy koene net sa bêst mei de âldman……
Lettter koe ik soks  wol, mar do net bigripe. sjoch ik ús heit en noch yn man ,
ik wit net mear hwa, der ynkommen en dat Heit sei , ja Hendrik , Froukje muoi is forstoarn do wier ik der efkes ôf en skriemde …………
Ek op Sumarreheide hat de Spaanske griep hús holden” únder oare Wierd de Boer  (pake  fân Wierd ,Hille,Detje en Tietje de Boer ), trije bern fân Linze en Janke Hoekstra to witten yn twaeling fân 5 maand Jan en Jilt en yn famke fân twa jier neamd Bintje en twa jonges by Berend en Aaltje Elverdink  Polle 20 jier en Ruurd 15 jier hawwe de gefolgen fân de spaanske griep net oerlibbe.

Door Wolter Kloosterman

Wolter Kloosterman († 2019) heeft jarenlang, wonende aan de Lytse Buorren 4 op de Sumarreheide, samen met dochter Greetje Altena-Kloosterman de Sumarreheide.nl website beheerd.

1 reactie

  1. Geachte dhr.Kloosterman.
    Zou u mij verder kunnen helpen met het vinden van informatie over Jacobus aukes van der Heide (geb.1850)
    Hij is een voorvader van mij en ik hoop nog familie of foto.s te vinden en verhalen
    Dochter van hem Akke van der Heide is mijn oerbeppe en woonde op de heide in plaggenhut.
    Met vriendelijke groet,Hester Siccama

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *