Hoe it eartiids op Sumarreheide op in ta gong

Dit bericht is overgenomen uit de Sumarreheide website uit ~ 2016 destijds in beheer door Wolter Kloosterman († 2019) en dochter Greetje Altena-Kloosterman.


Aeltsje wenne op é Sumarreheide. Hja moast ris in kear nei Burgum ta, om bilesting te beteljen. Hja gyng der to foet oer de houtsjepaeden hinne. Aeltsje hie lykwols fiif en tweintich gûne te min by har en dat siet har aardich dwers. Hja sei by harsels,, Ik woe foar de duvel wol dat ik fiif en tweintich goune faun”. En hoe it sa by de fatale bocht ( dy bocht waard sa neamd omdat der wol faker hjertiids frjemde dingen bard wine ) op é pastorijelânen, der lei midden op it paed yn giel briefke fan fiif en tweintich gûne!!!!!. It koste Aeltsje striid, mar hja preuvele : “Heare, bewarje my dat ik it opkrij”  ??? Yn de fierte waard se in persoan gewear, dy nei har seach…………….. Hja ron hurd fierder en seach net wer efterom. Doe hja werom kaam, it selde paad lâns, wie it briefke fuort .

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *