Dit bericht is overgenomen uit de Sumarreheide website uit ~ 2016 destijds in beheer door Wolter Kloosterman († 2019) en dochter Greetje Altena-Kloosterman.
In jongkeardel kuiere mei syn frou, op jûntiid wer Doede Veeman no wennet, oer Sumarreheide. Doe seagen hja in ljochtsje fan in eigenaardige reade kleur. Ynienen wie ’t ek samar wer fuort. .’t Like as seagen hja grutte flammen en reekplommen boppe in âld hûske wei kommen, en doe’t hja tichter by kamen, wie der hielendal niks bard by ’t hûske. Hja wine sa ferbjusterje, dat hja gau wer nei hûs werom set binne. Wie dit yn foarboade? Finzen jierren letter, brânde it selde stee ôf! Doe bewenne troch Jan Dupon. letter mear Jierrenlang hawwe de bewenners fan Sumarreheide yn ‘e besnijing west fan, it byleauwen, al dan net oanwakkere troch persoanen as u.o Hedzer Hooijenga, Jelle Hooijenga, Jehannes van der Wal, dy’t ek harren bern dizze ferhalen meijoegen, en letter optekene binne troch Dam Jaarsma fan Eastermar. Sa ek Grutte Evert (Syn efternamme is nimmen to witten kaam) in hiele grutte keardel dy wenne flakby in puolle healwei de Pastorijelânen. As ’t donker waard spoeke hy der op de heide om, en slûpte sa stil as in mûs efter de minsken oan. Dan bûgde hy heel ûnferwachtst de holle oer ien hinne, en seach dyselde-mei de holle op é kop- lyk yn de troanje. Fansels krige sa’n ien de deaskrik yn syn libben. Mar at der fan de skrik tebekrinne soe, stjitte dy persoan tsjin Grutte Evert oan.