Oantinkens oan syn bernejierren fan Hindrik Stelwagen

Dit bericht is overgenomen uit de Sumarreheide website uit ~ 2016 destijds in beheer door Wolter Kloosterman († 2019) en dochter Greetje Altena-Kloosterman.


Hy hat yn stikmannich op Sumarreheide en omkriten wenne en wie yn dy jieren skoalkammeraat mei Tamme Jelles Hooijenga (de dichter).
No kaam ik te witten dat soan Jan yn Snits wenne. Hy koe my sa noch moai it ien en oar fertelle oer syn heit.
Hendrik is berne 16 -1- 1906 en stoarn op 21-1- 1989.
Trouwde mei Aaltsje Slofstra op 13 -5-1931 en krigen 5 bern.
Tige bysûnder is wol dat hy ego dokuminten  neilitten hat. Dizze memoires befetsje foar in part in stik fan ús streek-skiednis dat ik jim net ûnthâlde wol.  

 Fan earder, oer juster, nei hjoed. 

Út myn bernejierren kin ik werom, tusken de 3-4 jier. Ik wit hie dúdlik, dat ik doe by ús heit op ’e ierdkarre siet,
en doe efkes de jaachline beethâlde mocht. Dat wie op é Simmerdyk fan Burgum.
Dat hat doe fansels gâns yndruk op my makke, want ‘t is my altyd bybleaun.
Fierders út myn bernejierren in pear foarfallen.
Wy wennen ûnder Garyp en gongen der nei skoalle, ‘t wie in aardich keppeltsje jonges en famkes.

Figuur 1 v.l.r. Marijke, Kees, Hendrik, Hendrikje, Bets, Moeder Riekje, Gelske, Jan, allen Stelwagen.

It heucht my dat ien fan ‘e gruttere famkes sa no en dan in buske by har hie.
In kollekte buske mei sinten. Dat moast ergens brocht wurde.
Ûnderweis, op in geskikt skûlplakje, besochten wy troch ‘t gleufke sinten der út te krijen, en dat slagge sa no en dan.
Der waard dan snobbersguod foar kocht by Sybren en Pim.
Wy wennen troch Feanhúzen tsjin Sumarreheide oan, op in spultsje
Ielke Boonstra loane 46 dat letter bewenne waard troch Remmelt de Haan achter no  Romke Hooijenga stie en is ôfbrutsen mei de ruilferkaveling.

Achterôf blykte my, dat ‘t der net sa best buorke en ‘t gie mis.
Op in jûn, in ‘e hjerst, wie der folk oan ‘e doar. Der waard net iepen dien .
Rammelje en roppe, mar heit die net iepen, mem stie der al op oan, mar heit wegere.
It doarre net sa lang of der waard tsjin ‘e doar oan trape en stompt mei it ien of oare ding. De doar sprong iepen en der stienen in pear manlju.
Letter wist ik wa dat wie. Dat wie deurwaarder Hoogeveen fan Burgum Wat dat doe betsjutte wist ik net, wol dat wy as bern bang wienen.
It wie fansels it begjin fan ‘t ein op dat spultsje.

Wat der allegearre mei middenmank wie, wit je op sa ‘n leeftyd net, letter kom je dat oan ‘e weet. It hat myn libben beynfloede oan ’t hjoed de dei ta!
De yndruk dy ‘t ik der fan krige is deselde as oan ‘t hjoed de dei ta, de lytse man wurd meast de dupe.
Dat wie hjir ek sa . Der wienen dingen dy ‘t net doogden oan ‘e kant fan de ferhierder.
Mar pleitsje joech Heit en Mem gjin útkomst. Hja ferlearen it pleit ! .
Famylje wurdt dan meastal mei de dupe en sa wie dat by ús ek ! .
Yn 1914 bruts de 1e wrâldkriich út. Wy gienen doe ek noch nei Garyp nei skoalle alhoewol wy ûnder Sumar wennen oan de Boskwei 14 (achter by Paulus en Marijke Zandstra de reed yn ) wer wy  mar een jier wennen . Doe ferfarren wy nei Boskwei 3 yn de folksmûle ek wol tramhús neamt oan de dyks kant (skean tsjin oer wer no Wierd de Vries wennet).

Der hawwe wie krapoan tsien jier wenne.

Mar de skoalle yn Sumar wie in Herfoarme en dat koe net foar ús tink. Dat wy bleuane yn Garyp op skoalle .
Sa at ,t my foarstiet, ik wie 8 jier. Ik wie op in freedtemiddei en wy rekken earder út skoalle .
Mei hasten setten wy op hús oan en doe ’t ik thús kaam skriemde ik en sei oars neat tsjin ús mem oan hâldende wei ,
it is oarloch, it is oarloch, hoewol je op san leeftyd net witte wat soks ynhâld fansels.

Ús Mem rekke tink ek wat yn oerstjoer en sei dat ik my stilhâlde moast.Skynber die ik dat net en krige in fikse  draai om ‘e earen.
Út die tiid wit ik ek noch dat op ‘e heide- by de Harste de Wetterlieding dwaande wie mei Norton pompen te slaan .
Ek dat der 8 kear soldaterij west hat en wy der net wei te slaan wienen.
Yn 1918 moasten de boeren greide omskuorre boulân der fan meitsje. Ik kaam April 1918 fan ‘e skoalle, 12 jier âld 6 klassen troch rûn .
Doe moast ik fansels oan it wurk, op ‘t lân natuerlik. Dat wie doe gjin punt.

It begûn by 12 jier. Ik wie April fan skoalle kaam. Doe moast ik nei ‘t lân, ‘t wie yn 1918.
Der wie troch de oarloch gâns greide ta boulân makke . Ik rekke oan ’t wjudden fan grutte beane.
In grut stik lân,  foar in part mei yn ‘e bou mei grutte beane.
Mei in man of tsien op ‘e rige krûpten wy troch ‘t lân. It wie tagelyk in striid sa wol foar de iene as de oare,
om by te bliuwen. Ik mei noch altyd oer dy maaitiid en simmer op ‘t lân graach fertelle.

Ik fûn ‘t lânwurk moai,  bynammen ‘t skjinhâlden fan de fruchten.
Mar foar dat ik fan skoalle ôf wie moast ik al meihelpe.
Dat wie doe yn ‘e measte arbeidershúshâldings ‘t gefal. Ik wit noch dat wy moarns foar skoaltiid earst nei ‘t fabryk moasten om sûpe dreagemolke.
Dat wie alle moarnen in optocht fan lyts en grut, oan eltse earm hinge in ammerke.

De”grutten” hingen grutte ferhalen op der troch de “lytsen” “ graach nei harke waard.
Út ‘e skoalletiid wit ik noch fan master Lub.
De bern wachten him meastentiids al op want master Lub koe sa prachtich fertelle.
Yn ‘e Burgumer krante stie om July 1918 hinne in advertinsje fan ,,loopjongen gevraagd ’’.
Dat like my wakker moai ta mar heit en Mem oarnearen der koe neat fan komme, want dy krantefaklju moasten altiten yn ‘e pronk.

Drukkerij “de Motor” wer Hendrik begong te wurkjen (mei de winkeldoar disse kant út).

Ik hâlde lykwols oan en heit joech de trochslach. Mar Ik moast him der sels mei rêde.
Op in sneontemiddei sette hy ôf. Tige kreas ferklaaid, in wite trui oan.
Mei lead yn ‘e skuon stie ik foar ‘t grutte winkelrút. In ûnbidige grutte doar … der moast ik troch.
Yn ‘e winkel, in grutte man, by ‘t trapke op nei in kantoar. Hjir begûn ‘t eksamen.
De namme, hoe âld, wêr ‘t ik wenne, hoe ’t Heit en Mem hjitten en gean mar troch….
Ik moast myn namme mar es op papier sette en wer ‘t ik berne wie.
Dat pakte núver út. Ik skreau net Bergum mar Bergem.

Soa bisto yn Noard Hollân berne?Nee sei ik, hjir yn Burgum no dan moast dat der ek delsette.
De léste fraach wie, kinst moarns wol fan ‘t bêd ôf komme. Jawol,sei Ik.
Ja sei de baas, mar dy’t no fuort gien is koe dat net, altiten te let moarns en der kin ik net oer.
Dat hat ik myn libben lang ûnthâlden .
Sels altiten op ‘e tiid koe der letter min hawwe dat der minsken te let kamen.
It lêste, mar faaks wol ‘t belangrykste kaam doe….. , ‘t fertsjinjen.
Dat wie 15 stoeren wyks, mar om’t ik fan bûten kaam moast dat mar in gûne wurde.

En as ik fytse koe en in fyts hie mar dy hie ik net. No dan like ‘t de baas ‘t beste ta, mar mei de tram. Dy gûne soe er ek betelje.
Ik nei hûs. Ik wie tige nijsgjirrich hoe dit thús út pakke soe.
Mar foar dat ik thús wie die der him in raar gefal foar.
Ik sette knap oan om thús , dwers troch de lannen op hûs ta.
Yn ‘t lân rûnnen kei, Ik wie mar amper yn ‘t lân, as de kei fleagen op my ta en dienen ‘t mâl.
Ik wist net hoe ‘t ik it hie. Ik rekke der goed troch. Thús seine hja, dat kaam fan de wite trui.
Doe ik oan ‘t fertellen rekke en op ‘t lêst by ‘t fertsjinjen belâne, flapte Mem der deadeliks út , der kin neat fan komme. Wat wie in gûne wyks? Op ‘t lân koe ik krap oan 6 gûne wyks fertsjinne. Nee der neat fan komme neffens Mem. Heit lykwols sei , wy moatte ús mar es beriede hoe ‘t  it moat.
Ik hâlde oan, dat er al graach woe. De útslach wie foar Ik geunstich, mei help fan Heit,
slagge Ik as ,,loopjongen nei Burgum fan moarns 7 oan t jûns 7 mei in oere skoft .
De grutte trep stie klear. En de baas joech oarder wat der gebeure moast. ôfstofje yn ‘e winkel mei in plumo.

It wie earst wol allegear tige frjemd foar my.foarsichtich, der oppasse, no ‘t moast wol wenne.
Ik hat ‘t dêr 12 jier út hâlden .Yn die jierjen docht him hiel wat foar fansels.
It alderraarste, wat ik noch tige skoan wit is ’t tillegram dat de Dútske keizer yn ús lân kaam wie.
Alle middagen moast Ik nei ‘t postkantoar om in tillegram te heljen dat wie ‘t waarberjocht fan  “van Dras”.
Earder as oars moast ik no nei ‘t postkantoar en de baas stie my al op te wachtsjen en pakte ‘t tillegram oan.
Der stienen by ‘t oanplakboerd ek al minsken. En doe’t de baas it tillegram op ‘t board oanplakte kamen der gau mear en der waard drok praat.
Ik hie gjin weet fan ho ‘t as dit allegear yn elkoar siet mar hie tocht al, t is wat oars as oars.
Oan in bulte dingen hie Ik tige niget..

Ik wie tige nijsgjirrich . Dat is er bleaun oan no ta. Ik koe mar min fan ‘t spul ôfbliuwe en dat joech wol gauris tûkelteamen.
Sa kaam der in skriuwmasine op kantoar. Foar my al san wûnder ding.Ik kin my de reizger noch skoan foar stelle,
In drokke man mei ôfgryslik read hier.
De masine stie op in apart tafeltsje en de baas sei, do moast der net oankomme. It is in djoer ding.
Fansels, ik knikte ja, mar sadree der in geskikte gelegenheid wie, slûpte ik nei de masine en drukte op in ding.
Ja en der rûn de wein fan de masine. ‘’Ting’’, sei in beltsje en ik waard kjel fan je heisa en fuort fansels.
Nei iten de jûns healwei seizen kaam de baas wer op kantoar.
Hy sei do hiest al efkes oan de masine sitten. Fansels hja hienen yn ‘e keamer dat beltsje ek wol heard. Ik hoegde dus net te sizzen fan nee.
De baas sei fierders neat en dat wie foar Ik in pak fan syn hert.
De tillefoan wie foar my fansels ek wat nijs.

Noch net earder san ding sjoen, lit stean brûkt. As der no in boadskip hjir of der hinne moat, dan wurd der efkes skille, nei dokter en sa.
Yn myn tiid moast men der hinne.Hoewol tige nijsgjirrich hoe ‘t san ding wurke, wie ik der wat bang foar.
As der ien skille en der wie gjin baas of sa yn ‘t kantoar dan moast ik … en dan seach ik dêr tsjin oan.
Doch kaam dat der in kear fan. De tillefoan rattele en gjin baas of sa, dus ik moast fan wegen komme.
Der kaam oan myn hallo roppen gjin ein. Lang om let hy ik it begrepen ‘t gie oer in advertinsje..
Folle fierder  as ,,aanbesteding ‘’’ kaam er lykwols net . aldergelokst kaam der ien fan ‘e oare feinten oan dy’t oernimme koe.
Ik bin lang pleage mei ,,aanbesteding ‘’.Op in goede dei kaam de baas mei in útstel dat my as lei wetter yn earen rûn.

Ik reizge noch altiten mei de tram. De baas betelle de wyk kaart.De baas stelde no út, as jimme Heit ‘t ris nei de fytsmakker gie
en in fyts foar dy kocht en dan ôfbetelje mei ‘t jild wat  de baas oars kwyt wie foar de wykkaart.
Ik doch der dan noch wat by sei de baas en dan hasto in fyts.
In fyts , tocht ik, mar dat kin net. En ek noch wol in nije fyts.Ik kaam mei ‘t útstel fan ‘e baas optein thús.
Dat like Heit wol goed ta en mei in pear dagen hie ik in gloednije fyts.In Frânske fyts,
sei Dykstra, der ‘t hy net foar ynstean koe mar hy hie gjin oare.

It wie net salang nei de earste oarloch en ‘t spul wie allegear noch wakker krap.
Lykwols de nije Frânske fyts foar 85 gûne mei in lantearne foel best út en ik ha jierren en jierren mei dizze fyts nei ‘t wurk en wer ek mar hinne reizge.
It spinde fansels raar jen op ‘e buert.Wêr like dat op, san snotaap fan in jonge op in nije fyts.Wolja toe mar, ‘t kin net op by dy lju.
Ik stie wakker noed foar de nije fyts.
Der wie by de saak in fytsehok, der stie de fyts yn en yn ‘t earstoan kipe ik sa no en dan om ‘e hoeke oft de fyts der noch wol stie.
No sit op eltse fyts in slot. Doe net. Mar men hearde doe lykwols ek net fan fytsedieven.
De paden en wegen wienen fansels net wat hja no binne.
Ik moast alle dagen in reed lâns en der wie mar in smel paadsje om op te fytsen.
Neist it paad in djippe groppe. It wie oppasse en kom der net yn.
In kear mei reinich waar woe ik tige oppasse dat de fyts net al te wiet en smoarch waard en ûntwykte safolle as ik koe de minne plakken.
Dat betearde raar. Ik rekke yn ‘e groppe en oer de kop. In ferbûgde kettingkast en in skeef stjoer wie it gefolch.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *