Online quiz “Spring op de Heide”

Troch it organisjerjen fan dizze PUB QUIZ kinne wy it ydee ha dat we efkes wat by elkoar binne en hearre.

Meidwaan oan dizze PUB QUIZ kin as individu en as hûshâlding/groep. It is handich om in kompjoeter/laptop en tillefoan by de hân te hawwen. De earste is nedich foar it fideo-beljen en it mobyltsje foar it jaan fan de antwurden op de fragen.

Om diel te nimmen oan dizze online PUB QUIZ moast dy sels, dyn hûshâlding as dyn groep oanmelde fia www.sumarreheide.nl/quiz . Kies in moaie (tiim)namme en jou dy op.

Opjefte graach foar woansdei 10 maart. Wy begjinne op 12 maart om 20.00 oere en foar de start krije jim alle ynformaasje om mei dwaan te kinnen. Jimme sil sels soargje moatte foar in hapke en in drankje op dizze jûn. Wy rekkenje op in soad dielnimmers.

# DOCH EK MEI # # DOCH EK MEI #

Gepubliceerd op
Gecategoriseerd als Algemeen

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd.