Revue lied “Sinnebank”

Dit bericht is overgenomen uit de Sumarreheide website uit ~ 2016 destijds in beheer door Wolter Kloosterman († 2019) en dochter Greetje Altena-Kloosterman.


refrein:
O, O, O, wat bisto brün
fan dyn beide fytse teannen oant dyn krün
en alles wat dêr tusken sit
hoewol ’t ik dat net seker wit
sa ’n moai kleurke krijsto grif net yn ‘e tün
O, O, O, wat bisto brün
guon minsken bin ferslave
oan ‘e drugs of oan ‘e drank
mar dêrfan hawwe wy hjir noait gjin hinder
der bin der ek dy bin ferslave
oan ‘e sinnebank
en sis no seis, dat is dochs folie minder rint Anneke
op ‘e dyk as brune heidepyk dan sjongt de hiele klyk
refrein:
ast hjir soms bütendoar komst
knypst de noas ticht fen de stank
want it NTF dat giet wol troch mei stjonken
dus dan mar yn ‘e hüs en gau op ‘e sinnebank
want oars soest dy skamje foar dyn wite skonken
rint Boudien hjir op ‘e dyk
wer sa ’n brune heidepyk
dan sjongt de hiele klyk
refrein:
it waar by üs yn Fryslan
dat bat in minne klank
hjir komt sawat de measte rein telane
dêrom lizze hjir safolle minsken op sa ’n sinnebank
om op dy manier har fel wat te ferbranen
rint Loekie op ‘e dyk
as in brune heidepyk
dan sjongt de hiele klyk
refrein:
de iene hat in briltsje
en de oare dy rint mank
elk minske hat syn lekken en syn brekken
mar der is in grut gebrek
en dat hyt fan sinnebank
dat is de kwaal fan brune-feltsje-gekken
rint Melle op ‘e dyk
as brune heidepyk
dan sjongt de hiele klyk
refrein:

Door Wolter Kloosterman

Wolter Kloosterman († 2019) heeft jarenlang, wonende aan de Lytse Buorren 4 op de Sumarreheide, samen met dochter Greetje Altena-Kloosterman de Sumarreheide.nl website beheerd.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *