Dit bericht is overgenomen uit de Sumarreheide website uit ~ 2016 destijds in beheer door Wolter Kloosterman († 2019) en dochter Greetje Altena-Kloosterman.
refrein: der hat hjir op ‘e Heide
sa ’n flean’nde skütel west dy hat hjir grif syn aaien lein dat liket net sa best
want wêr ‘st ek komst, de trambaan del
of op ‘e Lytse Buorren
hast oeral sjuchsto hjoeddedei
sa ’n skütel oan ‘e muorre
de bern groeie der no mei op
en fine ’t al gewoan
fen moarns betiid öf stiet dan ek
de tillevyzje oan
de skütel fult har kopkes
mei bylden nachts en deis
aanst gean sy mei har sküteltsjes
nochris op romtereis!
mei’ jo graach tillevyzje sjen refrein: dan moat jo oan ‘e kabel mar de Sumarreheide is foar kabel net rendabel
en dus soest tinke, dan mar net! mar nee, sa stadichoan skaft hast eltse heidepyk himsels in skütel oan
refrein:
sa’n skütel fol kanalen jout programma’s by de rüs en dus is it feak oarloch en striid yn mannich hüs wa ’t de zapper hat kin kieze hat de macht en knipt mar ta dus mar ^ochtsje om dy zapper elts wol him yn bannen ha
refrein:
jüns let baarnt op ‘e Heide yn in bulte huzen Ijocht de frou is al op bêd gien de man is it, dy ’t sjocht hy leit foar in natoerfilm fol erotyk en sa mar oan syn eigen erotyk komt hy dus net mear ta
refrein: