Sage “As Beint Dekker boadskippen dwaen moest”

Dit bericht is overgenomen uit de Sumarreheide website uit ~ 2016 destijds in beheer door Wolter Kloosterman († 2019) en dochter Greetje Altena-Kloosterman.


Beschrijving

Als de vertelster samen met een vriend terugkomt van boodschappen doen, schrikken ze van een door de lucht zwevend ding. Het lijkt op een grote hond. Als de vertelter het later thuis vertelt, blijkt de moeder hetzelfde gezien te hebben. Het is een spookdier.

Hoofdtekst

As Beint Dekker boadskippen dwaen moest gong ik wol faek mei him mei. Ik wie doe noch in fanke. Wy roannen oer de Sumarreheide. Dêr gong Beint by Abrahams Tryn oan, dy hie in winkeltsje. It wie by Beint en dy greate earmoede en hy frege Tryn of dy him noch wol in kear boargje woe. Dan soed er de saterdeis wol sjen as er hwat bitelje koe. Hy soe dan aenst op ‘e weromreis de boadskippen oanhelje.
Doe roannen wy fierder nei Nyegea ta.
Doe’t wy weromkommen wie ’t al in ûre of acht, njoggen. ’t Wie yn ‘e tiid dat de Nyegeasterheide oanmakke is.
Beint helle de boadskippen oan by Abraham van der Leest en doe roannen wy fierder. Doe sei Beint: “Sjoch, dêr is noch ien! Hwa mei dat noch wêze!” Doe seagen wy dat it sweefde. It sweefde by de bosk lâns in stikje lân del. Beint wie bang.
Doe’t ik thús kom sei ‘k tsjin mem: “Wy ha hwat sjoen. It wie krekt as stapte der hwat út in boatsje nei de kant ta”, sei ‘k. “Dat bigong to sweven. ’t Wie krekt in greate houn, dêr ’t hwat boven op siet.” Mem sei: “It hat hjir èk west. Ik ha krekt itselde sjoen.” (Wy wennen doe oan ‘e polderdyk ûnder Aldegea – nou Tike)


Bron: Nederlandse VolksverhalenBank, Identificatie code: CJ018006

Door Wolter Kloosterman

Wolter Kloosterman († 2019) heeft jarenlang, wonende aan de Lytse Buorren 4 op de Sumarreheide, samen met dochter Greetje Altena-Kloosterman de Sumarreheide.nl website beheerd.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd.