Dit bericht is overgenomen uit de Sumarreheide website uit ~ 2016 destijds in beheer door Wolter Kloosterman († 2019) en dochter Greetje Altena-Kloosterman.
Beschrijving
Een klein jongetje is betoverd. Soms is hij zo slap, dat je hem op kan rollen; op andere momenten is hij weer zo stijf als een stok. Zijn vader gaat naar Piter Poes, de duivelbanner. Piter geeft de man een drankje mee maar waarschuwt hem goed op het drankje te passen. Onderweg zal een dikke hond hem tegemoet komen, die het op het drankje voorzien heeft. Als het dier het drankje te pakken krijgt en het flesje valt aan stukken, zal het kind sterven, aldus Piter. Vader gaat – gewapend met stok – op weg en stuit inderdaad op het dier. Vader slaat de hond zo hard, dat die op zijn achterste gaat zitten. De volgende dag ligt de buurvrouw met een doek om haar hoofd in bed. Zij was de heks in hondengedaante.
Hoofdtekst
Heit hat as lyts jonkje bitsjoend west. Doe wenne er op ‘e Gariperheide. Hy wie soms sa slop, dan koenen se him oprolje as in skûdeldoek en dan wied er wer krekt sa stiif as in stôk. En it gong altyd op in gûlen. Doe gong pake nei Piter Poes ta, dat wie de duvelbander fan Sumarreheide.(^ ± 1900), mar dy wenne doe noch yn de Ham. Pake krige in drankje fan him mei. “Dû mast der goed op passe,” sei er, der kin ûnderweis hwat mei gebeure. Der kin wolris in dikke houn by dy komme, dy’t it op it drankje bigrepen hat. As dy it stikken stompt, is it bern dea.
Doe gong pake hinne en snijde in dikke stôk út ‘e wâl. Doe’t er noch in stik of hwat stikken lân fan hús ôf wie, stie der in grouwe, swarte houn yn ‘e wâl mei glêzen egen. Dy gong in pear kear om pake hinne. Doe krige pake de stôk en joech him in lawibes, dat hy gong yn ‘e kont sitten. De oare deis lei it buorwiif mei in doek om ‘e holle op bêd. Twa dagen hat se dêr tahâlden.
Bron: Nederlandse VolksverhalenBank, Identificatie code: CJ015202