Dit bericht is overgenomen uit de Sumarreheide website uit ~ 2016 destijds in beheer door Wolter Kloosterman († 2019) en dochter Greetje Altena-Kloosterman.
Beschrijving
De tante van Wytske is een heks. Om de heks te weren, krast Wytske met haar klomp een kruis voor de deur. De heks is niet in staat een stap over de drempel te doen en Wytske jaagt haar weg. De heks vliegt vervolgens weg.
Hoofdtekst
Wytske, mem har muoike wie in tsjoenster. Sy wenne yn Sumarreheide. It gebeurde dat beppe in poppe krige en dêr kaem fansels allerhande folk by om de pop to sjen. Dêr seagen se Wytskemoai ek oankommen. “O, heden,” seinen se, “dit is net bêst. Dy mat net by de poppe, hwant dan wurdt se bitsjoend.”
Doe stjûrde beppe ús mem der gau út om mei de klomp in krús foar de doar to meitsjen.
Doe’t Wytskemoai oan ‘e doar ta wie, sei ús mem: “Kom der mar yn.” Wytskemoai hie in read doekje om ‘e hals hinne.
Mar sy sei: “Ik kin nou net, ik kin nou net.”
(Sy koe net oer ’t krús hinne komme.) “Mar jow my twa greate spjelden, dêr’t ik mei stekke kin.”
“Dy krijst net,” sei mem, “en donderje nou ek mar op.”
En doe wie Wytskemoai fuortflein, krekt as wie ’t in fûgel.
Bron: Nederlandse VolksverhalenBank, Identificatie code: CJ014809